Springe nei ynhâld

Normandje

Ut Wikipedy
Normandje
Normandie
Regio yn Frankryk
Symboalen

Bestjoer
haadplakRouen
departemintenCalvados (14)
Eure (27)
Manche (50)
Orne (61)
Seine-Maritime (76)
arrondisseminten17
kantons131
gemeenten2.651
Sifers
ynwenners3.345.842 (2023)
oerflak29.906 km²
befolkingsticht.112 ynw./km²
Oar
stifting2016
ISO-koadeFR-NOR
websidewww.normandie.fr
Kaart mei de arrondisseminten en departeminten.
Kaart mei de arrondisseminten en departeminten.

Normandje (Frânsk: Normandie, Normandysk: Normaundie) is in bestjoerlike regio yn it noardwesten fan Frankryk, dy't tsjin it Kanaal oan leit tusken Pikardje en Bretanje. Oant 2016 bestie de krite út twa bestjoerlike regio's, Opper-Normandje oan 'e mûning fan 'e Seine, dêr't de Pont de Normandje de rivier de Seine oerkrúst en de westliker lizzende regio Neder-Normandje mei it skiereilân Cotentin. By Opper-Normandje hearden de departeminten Seine-Maritime en Eure, wylst Neder-Normandje út de departeminten Orne, Calvados en Manche bestie. Op 1 jannewaris 2016 waarden beide administrative regio's gearfoege ta ien Normandje.

Rotskust tichtby Etretat

De namme Normandje stamt fan 'e Noarmannen ôf. Harren lieder Rollo krige yn 911 it hartochdom Normandje yn lien tawiisd fan 'e Westfrankyske kening Karel de Ienfâldige. Dat wienen Germanen ôfkomstich út Skandinaavje, dy't in Noard-Germaanske taal sprutsen. Lykwols wienen sy net grut yn tal, sadat inkeld in lytse boppelaach oer de oarspronklike befolking fan Normandje hearske, dy't sûnt de tiid fan 'e Romeinen Romaansk-talich wie. yn in pear generaasjes tiid praten al it neiteam fan 'e Noarmannen allinnich noch de taal fan 'e befolking, dat letter 'Normandysk' neamd waard. In neisiet fan Rollo, Willem de Oermasterder oerweldige yn 1066 Ingelân. De Normandyske eallju, dy't ek de nije boppelaach fan Ingelân foarmje soenen, hawwe de Angelsaksyske taal mei harren eigen Normandyske dialekt lykwols djip beynfloede, sadat it moderne Ingelsk ek hjoed-de-dei noch in soad Romaanske (Frânske) wurden hat. Nei de Slach by Bouvines (1214) ferlear de Ingelske kening Jan sûnder Lân (dy't ek hartoch fan Normandje wie) it hartochdom oan 'e Frânske kening.

Om't Ingelân fan Normandje út oermasterre wie, is Ingelân noch iuwen lang op papier in lien west fan 'e Frânske keningen, mar feitlik wie dêr neat fan te merken.

De Ingelsen soenen Normandje yn 1346, oan it begjin fan 'e Hûndertjierrige Oarloch, nei de Slach by Kresy, en yn 1415, nei de Slach by Azincourt feroverje, om it yn 'e lêste desennia fan 'e kriich alhiel te ferliezen. De Kanaaleilannen, dy't by Normandje hearden, soenen lykwols foarfêst by Ingelân bliuwe.

Normandje spile yn 'e Twadde Wrâldkriich in tige wichtige rol fanwege de lanning fan 'e alliearde troepen op D-Day (6 juny 1944). Yn 'e dêrop folgjende gefjochten hawwe benammen de stêden Caen en Saint-Lô in protte skea oprûn.

Yn Normandje wenje 3,3 miljoen minsken. De grutste stêden binne Rouen, Le Havre, Caen, Cherbourg en Évreux. Rouen wie ea de haadstêd fan hiel Normandje. Tsjintwurdich is it dat fan Opper-Normandje, wylst Caen de haadstêd fan Neder-Normandje is.

De omkriten fan Normandje is bekend fan 'e tsizen lykas camembert, de pont l'Évêque en de livarot, fan 'e Appels en fan dranken as calvados en sider. In lyts part fan 'e bewenners sprekt noch hieltyd de Normandyske streektaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Normandje fan Wikimedia Commons.
 
             Frankryk
Flagge fan Frankryk
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen
· · Berjocht bewurkje